Fyfde generaasje
Hendrik Jans Jonkman (1783-1863)


2. HENDRIK JANS JONKMAN, arbeider yn Aldskoat en Oranjewâld

7-3-1783 Nijeholtpea - 17-3-1863 Oranjewâld
x Dettje Jans de Jong, 17-6-1810 Aldskoat
3-9-1787 Follegea - 11-8-1872 Nijskoat
df. Jan Romkes en Hiltje Remmelts

1. Ypkje 10-5-1812 Aldskoat
2. Jan 12-2-1815 Aldskoat
3. Fedde 25-9-1817 Aldskoat
4. Hiltje 18-10-1820 Oranjewâld
5. Romke 24-10-1823 - 4-12-1826 Oranjewâld
6. Jan Hendriks 29-7-1826 Oranjewâld
7. Reitze 4-7-1832 Oranjewâld

De fermelding yn it doopboek fan it Skoat:


Hendrik Jans is deryn slagge om wat boppe it nivo fan de trochstrings arbeider út te kommen en benammen syn bern in goede opstap yn it libben te bieden. Sa't by de folgjende generaasjes te sjen is, komme dy goed yn de maatskippij telâne mei in eigen pleats en regelmjittich finansjele transaksjes.

Hy keas yn 1811, grif yn oerlis mei syn broer Jacob, de achternamme Jonkman. Yn tsjinstelling ta syn broer koe hy wol skriuwe:

Op ûndersteande kaart fan Oranjewâld is it grûnbesit fan Hendrik Jans Jonkman yn 1832 mei read oanjûn. It bestie út in hûs met hiem en grientetún, in hoekje bosk en trije grutte perselen (5 ha) heide en lei oan de westkant fan wat no de Heideleane hjit.


Dit besit wurdt yn 1839 ferkocht oan sekretaris Daniel van Engelen, dy't ek al mear besit op dy streek hie. Yn plak dêrfan keapet hy in hûs wat mear nei it westen ta, by in brêge oer in wyk, fan de famylje Coehoorn van Scheltinga. Yn 1847 krijt hy der in stik grûn yn erfpacht by foar f15 jiers en yn 1848 keapet hy út in fallite boedel ek noch it lêste hoekje boulân derby. Letter keapet hy noch in stikje heide skeef tsjin syn hûs oer. Syn besit op dat stuit is hjirboppe mei blau oanjûn.


Hjirboppe links de sitewaasje yn 1839, rjochts dy yn 1848.
Yn 1861 giet it besit wer werom nei de famylje Coehoorn en krijt hy de grûn yn erfpacht, dat rjocht giet nei syn ferstjerren yn 1863 oer op jongste soan Reitze. Nei 1867 wurdt soan Jan Hendriks de bewenner.